titel-wat-dogge-wy

Yn 2020 is it Sjongfestival werom! It Sjongfestival komt werom yn fertroude styl mei in finale yn De Lawei te Drachten.

It Sjongfestival is in twajierlikse talintejacht foar basisskoallen. Learlingen út groep 6, 7 en/of 8 foarmje in koar en sjonge sa moai mooglik in liet. Fan te foaren wurde foarronden hâlden, dy sille plakfine yn maart 2020. De bêste skoallen steane yn de finale op 17 april 2020, op it grutte poadium fan De Lawei yn Drachten. By it Sjongfestival wurkje Cedin, Keunstwurk, de Afûk en Omrop Fryslân gear om de grutste muzykcontest foar Fryske basisskoallen del te setten. De hiele klasse kin meidwaan, want ék nei de útfiering wurdt goed sjoen troch de sjuery. Fan te foaren krije skoallen help om it liet sa goed mooglik del te setten, sa kin bygelyks in coach ynskeakele wurde.

Liever in het Nederlands?

In 2020 is het Sjongfestival terug! Het Sjongfestival komt terug in vertrouwde stijl met een finale in De Lawei te Drachten.

Het Sjongfestival is een tweejaarlijkse talentenjacht voor basisscholen. Leerlingen uit groep 6, 7 en/of 8 vormen een koor en zingen zo mooi mogelijk een lied. Van te voren worden voorrondes gehouden, die zullen plaatsvinden in maart 2020. De beste scholen staan in de finale op 17 april 2020, op het grote podium van De Lawei in Drachten. Bij het Sjongfestival werken Cedin, Keunstwurk, de Afûk en Omrop Fryslân samen om de grootste muziekcontest voor Friese basisscholen neer te zetten. De hele klas kan meedoen, want óók naar de uitvoering wordt goed gekeken door de jury. Van te voren krijgen scholen hulp om het lied zo goed mogelijk neer te zetten, zo kan er bijvoorbeeld een coach worden ingeschakeld.

knop-ja-ik-doe-mee-festival-2020