Willetaart

Game fyn ik saai.
Ik ha mear mei moal en aai.
Ik wol bakke.
Taarten bakke.
‘t Giet der mar om wei.
Want ik doch it elke dei.
Ik wol bakke.
Taarten bakke.

Troch de wike appeltaart.
Bavarois of op in plaat. Da’s in makkie!
Komst op sneon hasto in bof!
Chille mei    hiel tof   bist myn mattie :
Willetaart!

Do, kom der ek mar by.
Hjir is in klus foar dy.
As ik rôlje, roersto yn de kom.
It wurdt in coole taart mei sûkeladeblom!
Dit moat op TV!  YES !  HERE WE COME! !

Game fyn ik saai.
Ik ha mear mei moal en aai.
Ik wol bakke.
Taarten bakke.
‘t Giet der mar om wei.
Want ik doch it elke dei.
Ik wol bakke.
Taarten bakke.

Wege, knede, oven hyt.
Hiele keuken yn ‘t wyt. Lekker grieme.
En de mikser draait mar troch.
Krêm is noait genôch …. Fan al dat slinen
krijsto spyt!

Do, kom der ek mar by.
Hjir is in klus foar dy.
As ik rôlje, roersto yn de kom.
It wurdt in coole taart mei sûkeladeblom!
Dit moat op TV!   YES!   HERE WE COME! !

Do, kom der ek mar by.
Hjir is in klus foar dy.
As ik rôlje, roersto yn de kom.
It wurdt in coole taart mei sûkeladeblom!
Dit moat op TV!  YES !  HERE WE COME! !

Audio

Mei tekst

Karaoke

Oer it nûmer

Tekst

Giny Bastiaans

Muzyk

Nathaniël van Veenen

Produksje

Kees van der Meer