Wat meitsje foar in oar

Heit en mem tinke te witten wat it bêste is foar my

Want sa hat it altyd west

Ús mem tinkt dat ik dokter wurd

En ús heit leauwt yn advokaat

‘Hey’ (allen)

Mar wat is dat no foar praat

 

Ik wol letter sjefkok wurde

Ik wurd stukadoar

Ik wurd letter timmerman

Dan meitsje ik in doar

 

Wy wolle mei ús hannen wurkje

Mei in hammer of in boar

It moaiste op de hiele wrâld

is wat meitsje foar in oar

 

Wat as elkenien aanst hbo of uni docht

dan bestiet de fakman aanst net mear

wa bakt dan myn bôle, wa slacht dy spiker rjocht

knoopje dat hiel goed yn dyn ear

 

Ik wol letter sjefkok wurde

Ik wurd stukadoar

Ik wurd letter timmerman

Dan meitsje ik in doar

 

Wy wolle mei ús hannen wurkje

Mei in hammer of in boar

It moaiste op de hiele wrâld

is wat meitsje foar in oar

 

Hey, mar wat no as aanst elkenien dokter wurdt

Of minister fan ús lân

Dan sitte al dy heechoplieden minsken thús

dat kin dochs net

Dus de hannen út ’e bûse

Jaaaaaaa! (allegear)

 

Ik wol letter sjefkok wurde

Ik wurd stukadoar

Ik wurd letter timmerman

Dan meitsje ik in doar

 

Wy wolle mei ús hannen wurkje

Mei in hammer of in boar

It moaiste op de hiele wrâld

is wat meitsje foar in oar

Audio

Mei tekst

Karaoke

Oer it nûmer

Tekst

Raynaud Ritsma

Muzyk

Kees van der Meer

Produksje

Kees van der Meer