Tosken

Refrein:
Fytserekky, beugelbekky
tosken, kiezen, keunstgebit
sûnder tosken waard it lêstich
tosken bin in ryk besit.
Âlde boaze beppe Baukje
wol net laitsje, ’t is apart,
lêsten makke ik in foto,
dus ik rôp fan ‘smile’ en ‘cheese’
mar se bleau sa kâld as iis.
’t Komt, seit mem, om’t beppe Baukje
bosken hier op ‘e tosken hat.
Refrein

Lytse Jouke wol net ite,
noch gjin hap, ja ’t is apart,
stampot net, gjin makaroany
bôle net, mei jam of tsiis
Jouke bliuwt sa kâld as iis.
’t Komt, seit mem, om’t lytse Jouke
sokke lange tosken hat.
Refrein

Ik mei graach op ‘e tosken bite
set se der yn, sa ûnderweis
sûnder fullings, hiele wite
want ik poets se twa kear deis.
Refrein (2x)

Audio

Mei tekst

Karaoke