Moai waar

Op in earste moaie waarme maitiidsdei, ryd ik myn krykkrakfyts út it skuorke wei.

Ik wol nei bûten ta, ik wol wille ha en asto nocht hast giest mar gesellich mei.

As it sintsje skynt, elk probleem ferdwynt,

bin wy bû bû bûtendoar, lekker by elkoar.

Sels de grutste pessimist, sjocht bliid op asto der bist.

Hy stekt syn hân omheech, as hy dy troch syn strjitsje fytsen sjocht.

Goeiedei menear, goeiedei mefrou. Foar it earst dit jier is de loft sa blau.

Goeiedei mefrou, goeiedei menear. ‘k Moat wer fierder hear, oant de oare kear.

Famkes hawwe lol, ûnder in pa pa parasol.

Jonges boartsje by de feart, hawwe nocht om neat.

Drokte by de blommesaak, ek by de yskoboer is ’t raak.

De lange winter is foarby, wy ha ús earste moaie maitiidsdei.

Op in earste moaie waarme maitiidsdei, ryd ik myn krykkrakfyts út it skuorke wei.

Ik wol nei bûten ta, ik wol wille ha en asto nocht hast giest mar gesellich mei.

Goeiedei menear, goeiedei mefrou. Foar it earst dit jier is de loft sa blau.

Goeiedei mefrou, goeiedei menear. ‘k Moat wer fierder hear, oant de oare kear.

As it sintsje skynt, elk probleem ferdwynt,

bin wy bû bû bûtendoar, lekker by elkoar.

Sels de grutste pessimist, sjocht bliid op asto der bist.

Hy stekt syn hân omheech, as hy dy troch syn strjitsje fytsen sjocht.

Op in earste moaie waarme maitiidsdei, ryd ik myn krykkrakfyts út it skuorke wei.

Ik wol nei bûten ta, ik wol wille ha en asto nocht hast giest mar gesellich mei.

Goeiedei menear, goeiedei mefrou. Foar it earst dit jier is de loft sa blau.

Goeiedei mefrou, goeiedei menear. ‘k Moat wer fierder hear, oant de oare kear.

Op in earste moaie waarme maitiidsdei, ryd ik myn krykkrakfyts út it skuorke wei.

Ik wol nei bûten ta, ik wol wille ha en asto nocht hast giest mar gesellich mei.

Audio

Mei tekst

Karaoke

Oer it nûmer

Tekst

Jurjen van der Meer

Muzyk

Kees van der Meer

Produksje

Kees van der Meer