Ien en ien

Omdat ik faak allinne bin,
omdat ik alles sels net kin,
bisto der elke dei opnij
foar my.
Omdat it faak net maklik is,
omdat ik oars in protte mis,
bisto der elke dei opnij
foar my.
Allinne is mar allinne
en ien en ien is twa.
Mar do en ik tegearre
kinne in protte ha.
Ik fiel yn murch en bonken
dat ik by dy hear.
Do bist myn alderbêste freon,
do bist myn grutte stjêr.
Do bist noait lilk, fynst alles goed,
do joust my elke dei wer moed.
Do bist der elke dei opnij
foar my.
As ik dy yn’e eagen sjoch,
fyn ik wer hoop en kin ik troch.
Do bist der elke dei opnij
foar my.
Allinne is mar allinne
en ien en ien is twa.
Mar do en ik tegearre
kinne in protte ha.
Ik fiel yn murch en bonken
dat ik by dy hear.
Do bist myn alderbêste freon,
do bist myn grutte stjêr.
Allinne is mar allinne
en ien en ien is twa.
Mar do en ik tegearre
kinne in protte ha.
Ik fiel yn murch en bonken
dat ik by dy hear.
Do bist myn alderbêste freon, (2x)
do bist myn grutte stjêr.

Audio

Mei tekst

Karaoke