Feest!

Witsto wat ik juster tocht?
Dat ik hast wer jierdei bin.
Slingers, kaarten en kadootsjes,
elkenien in poer bêst sin.
’t Is fansels noch fjouwer wike,
‘k hoop dat ‘k sa lang wachtsje kin.

En dan krij’ wy robbedoesen.
It bin soesen of tom poesen.

Nee, dat liket net sa min.
Feest, omdat ik jierdei bin.
Witsto wat de post hjoed brocht?
In kaartsje foar in trouwerij.
Moaie klean en gouden ringen
en in hiel grut feest derby.
En ik hoech ek net nei skoalle,
sels de dei dernei noch frij.

En dan goai ik mei spaghetty.
It is riis of oars konfetty.

Elkenien hartstikke blij.
Feestje twa, de trouwpartij.

Witsto dat it aanst yn juny
op ús doarp wer merke is.
Spultsjes en fersierde weinen,
in playback-show en in kwis.
Op it sportfjild stiet in tinte,
no, dan kin it net mear mis.

En de clown dy sil trakteare.
Neffens ús hjit dat jongleare.

Trije dagen, dat is wis,
feest, omdat it merke is.

Audio

Mei tekst

Karaoke