Dûnsjen bliuwe

Us beppe hat in kiste, fol mei moaie klean.
Dêr hat sy as dûnseres mei op de planken stien.
Glitterjurken, petticoats, skuon mei hege hak.
Rock en rolle docht se noch, echt mei grut gemak.
Se liet my sjen, hoe at dat giet,
mar laitsjend sei se my:
Dy salto, dy salto, dy tinksto der mar by!

Us hûntsje Sipke is in superleave hûn.
Sip is âld en ek noch siik, hy wurdt net mear sûn.
Mem sei: Ach, wy ha him no twa en tweintich jier.
‘t Hâldt mei Sipke óp in kear, ’t bistke kin net mear.
No sit ik hjir, mar beppe seit:
Doch dyn dûnsklean oan.
’t Hûntsje hat, ’t hûntsje hat in hiel moai libben hân.

Refrein:

Dêr giet myn bep bep beppe.
It is in hiel aparte beppe.
Se sit noait rêstich yn in hoek
en lêst noait yn in damesboek.
Do sjochst har noait noait noait in rollater triuwen.
Myn leave bep, in hiel aparte bep.
Myn leave bep, in hiel aparte bep.
Se wie oait supergoed yn rock en roll.
Se seit: Al giet it libben noch sa mâl.
Do moatst altyd, altyd, altyd dûnsjen bliuwe.
Do moatst altyd, altyd, altyd dûnsjen bliuwe.

Us beppe is al séchstich. Jemich da’s pas âld!
Fólle âlder as ús Sip. Ik krige it benaud.
Giet beppe no ek gau dea? frege ik har dan.
Beppe sei: Och leave bern, dat wie ik net fan plan!
Der is in tiid foar elkenien,
mar hjoed noch net foar my.
Dus dûnsje mar, bliuw dûnsjen, dan bliuwst sa goed as nij

Michjes libje koarter, beammen wurde âld
In flinter fladdert simmerdeis, de winter is te kâld.
Hûntsjes en katsjes helje soms de tweintich wol.
En minsken meitsje inkeld de 100 jierren fol.
Refrein:

Audio

Mei tekst

Karaoke