Dizze wrâld

1.

Watsto witst wol ik wittedo moatst hjoed it geheim ferklappe
sis hoe âld, is de wrâld
it hielal, hoe fier is dat.

2.

Elke kear wol ik learedo moatst hjoed it ferhaal fertelle
sis hoe djip is de see
is dy see noch wol okee?

 

(Foarrefrein)

Wy woll’ leare en it leafst mei faasje,
de nije generaasje, kom mar op!
De takomst kinn’ wy stjoere,
’t wurdt ús gouden oere,
nije ynspiraasje, kom mar op!

(Refrein)

Want
dizze wrâld, is de wrâld dêr’t ik fan hâld
dizze wrâld lit my net kâld
’t is de wrâld foar jong en âld.

Ja

dizze wrâld, is de wrâld dêr’t ik fan hâld
dizze wrâld lit my net kâld
’t is de wrâld foar jong en âld.

3.

En dêr moat wy op passe
sil er ivich en altyd draaie
yn it rûn, sterk en sûn
it klimaat, ús kammeraat.

4.

Lit de iiskap net smelte,
kap it hout net út alle bosken
plestiksop, wat in strop
ik sis stop, net mear kapot.

 

(Foarrefrein)

 

(Refrein)

 

(Brug)  Ja… wy moatte begjinne, kom mar op!

Wy winne de striid!

 

(Refrein)

Audio

Mei tekst

Karaoke

Oer it nûmer

Tekst

Jelle Bangma

Muzyk

Kees van der Meer

Produksje

Kees van der Meer