De tiid

As no de tiid ris stil stean koe
dan bleau alles gelyk.
Us mem gewoan ús mem altyd,
ús heit sterk as in dyk.
Mar de tiid giet ivich troch,
de tiid is noait fan slach:
dy giet gewoan syn eigen gong
yn ’t ritme fan de dei en nacht.
Ik haw myn beide beppe’s noch
ien pake is al stoarn.
Us heit seit: ‘Sa is ’t libben, skat,
de dea dy komt gewoan.
Jong en sterk wol elkenien
en sûn fan dei op dei.
De tiid dy taast de dingen oan
it âlde wurdt wer wei.
Want de tiid giet ivich troch,
de tiid is noait fan slach:
dy giet gewoan syn eigen gong
yn ’t ritme fan de dei en nacht.
Mar as ik se misse moat,
‘k bedoel: ús mem en heit,
dat is dochs hiel gemien, fyn ik,
omdat de tiid it seit.
De tiid dy sil it leare
bringt wolken oan ‘e loft
of jierrenlang syn sinneskyn
de tiid dy hâldt gjin skoft.
Want de tiid giet ivich troch,
de tiid is noait fan slach:
dy giet gewoan syn eigen gong
yn ’t ritme fan de dei en nacht.
Ja de tiid giet ivich troch,
de tiid is noait fan slach:
dy giet gewoan syn eigen gong
yn ’t ritme fan de dei en nacht.

Audio

Mei tekst

Karaoke