Boargemaster ikke!

As ik boargemaster wie,
Ja, ik wist wol wat ik die.
Want ik kaam dan mei in pear fetleuke wetten:
Hear mar wat ik allegear neam:
Yn in hutte yn ‘e beam,
Krije bern in kabel om te Ynternetten.
Refrein:
Ik bin echt te gek en goed.
Dêrom! Kies my! Kies my hjoed.
In boargemaster ha as ikke, dat is kicke!
Wa is de alderleukste boargemaster, ikke!
De leukste boargemaster dat is: Ikke.
De leukste boargemaster dat bin Ikke.
Alle bern meie in hûn.
Let opbliuwe elke jûn,
want se hoege inkeld middeis mar nei skoalle.
As ik boargemaster bin,
no dan kinne jim mei gym,
Bungy jumpend fan ’t gemeentehûs ôf knalle.
Refrein

Wolst in T-shirt oan fan my?
Krijst der in mobyltsje by!
En dêr meist de hiele dei fergees mei belje.
Alle dagen ytst patat,
en dy’t noch gjin piercing hat,
dy kin sa fergees ien by de dokter helje.
Mar, tink mar net dat alles mei.
Pesten moat dan út ‘e wei.
En it is ek dien mei sigaretsjes paffen.
Slachtsjen sil net mear bestean.
Skieden wurdt foargoed ferbean,
en op deagean stean ek hiele strenge straffen.
Refrein

Auto’s stjoer ik hupketee
nei it fytspaad en ynstee,
is de grutte dyk no foar de bern allinne.
Bisto smoarferlyfd no ja,
dan sis ik dy hjirby ta,
dat ek bern by boargemaster trouwe kinne.
Refrein

Audio

Mei tekst

Karaoke