Alles oars foar Dominiek

Einlings joech ik noait in stoer
Om’t miljeu of de natoer:
Lege blikjes, pûdsjeklyk
Smiet ik meastal op `e dyk,
Waaid’ it moarns, dan rôp ik sa:
Bringt heit my nei skoalle ta?
In waarm klimaat? Ik tocht: No ja,
Kin’k faker nei it swimbad ta!
Mar no is it alhiel’dal oars!
‘k bin gek op rûp en wylgeroas,
Op leppelbek en einepyk:
’t komt allegear troch Dominiek.
Dominiek kaam yn groep seis,
Meldde elke dei wat nijs:
Lân waard see of in woestijn,
See-Oo-Twa waard soere rein:
’t rint dus aaklik út’e klauw,
mar syn eagen bin sa blau!
Al sjocht er streng en praat ús bang,
hy hat wol kûltsjes yn it wang!
En dus bin ik ynienen oars,
Ik rin, ek al befriest myn noas,
Ik fyts, al waai ik fan de dyk,
‘k wol alles dwaan foar Dominiek.
Alle moannen, lêste sneon,
Ek al spielt it, of is’t gleon,
bin ik oeren yn it spier,
sjou’k my bryk mei âld papier!
Kranten, folders, doazenfol,
tûsen pakken tink ik wol
helj’ ik fan’e dyk, it plein:
ik goai alles op ‘e wein.
Hannen, fuotten, do’ my sear,
Mar ik bin der, kear op kear,
Want op’t lêst, by einbeslút,
Stiet hy te wachtsjen foar it rút!
Dan til ik, smyt, al is’t in toer,
By him foar hûs dus ekstra stoer!
Oh man! Wat fiel ik my dan ryk,
Ik rêd de wrâld foar Dominiek!

Audio

Mei tekst

Karaoke