Alles draait om sport

Ik hâld hiel bot fan sporten, al stiet it my soms tsjin
Mar heit en mem dy sizze dat ik de beste wêze kin
Ik moat der wol foar traine, moarns betiid en elke jûn
As ik dat mar folhâld, wurd ik miskien wol kampioen
Elke dei nei skoaltiid, efkes thús en dan wer fuort
As myn freontsjes frij ha, ha ik it just wer drok
Ik kom net ta oan boartsjen, gjin skoallefeest foar my
Want ik moat altyd traine, noait ha ik ris frij

Refrein:
Want ik moat drave, ik moat fleane, ik jei my yn it swit
‘k Moat alle dagen traine oars wurd ik net fit
‘k Moat rinne, fytse, swemme as ik winne wol
It is hiel hurd wurkjen, o, hald ik dit wol fol
Alles draait om sport en om dat iene doel;
Nûmer ien te wêzen en it kampioensgefoel

* Ja, ik moat drave, ….
Heit en mem dy sizze dat ik de beste wêze kin
Ik hâld dan wol fan sporten mar soms ha ik gjin sin
Want ik wol ek wol ris boartsje of nei in feest ta gean
Wêze as de oaren, dat is wêr ’t ik soms fan dream
Refrein:
Mar ik moat drave, ….
Mar ‘k wol ek dûnsje en ik wol swinge op it skoallefeest
‘k Wol sjonge en ik wol springe ik wol ek ris keet
Mei freontsjes en freondinnen leuke dingen dwaan
Ik wol ek ferkearing, in oar in tútsje jaan
Mar alles draait om sport en om dat iene doel
En dêrfan ha ‘k soms skjin myn nocht, ja!, stik mar yn ‘e boel!

Audio

Mei tekst

Karaoke