titel-iepening

Mei alle Fryske basisskoallen LF2018 iepenje, dat is wat wy dit jier dwaan wolle. Op freed 26 jannewaris sjonge safolle mooglik Fryske skoallen op harren eigen skoalle ‘Seis oere thús’, de tune fan Kulturele Haadstêd. In filmke dêrfan stjoere jimme om stipt 12.00 oere de loft yn mei #2018begjint. Sa binne de filmkes oeral op ‘e wrâld te finen en geane alle skoallen firaal. Jimme kinne it filmke fan tefoaren opnimme mar opnimme mei Facebook live kin fansels ek. Om it liet oan te elaren en te filmjen is der in spesjale digitale toolkit ûntwikkele dy’t skoallen yn trije lessen troch it projekt hinne helpt.

Dogge jimme mei? Folje dan foar de krystfakânsje jimme gegevens hjirûnder yn. Jim krije dan sa gau mooglik berjocht.

Liever in het Nederlands?

Met alle Friese basisscholen LF2018 openen, dat is wat wij dit jaar willen doen. Op vrijdag 26 januari zingen zoveel mogelijk Friese scholen op hun eigen school ‘Seis oere thús’, de tune van Culturele Hoofdstad. Een filmpje daarvan sturen jullie om stipt 12.00 uur de lucht in met #2018begjint. Zo zijn de filmpjes overal op de wereld te vinden en gaan alle scholen viraal. Jullie kunnen het filmpje van tevoren opnemen, maar opnemen met Facebook live kan natuurlijk ook. Om het lied aan te leren en te filmen is er een speciale digitale toolkit ontwikkeld die scholen in drie lessen door het project helpt.

Doen jullie mee? Vul dan voor de kerstvakantie jullie gegevens hieronder in. Jullie krijgen dan zo snel mogelijk bericht.

toolkit-downloaden-blauw-3

Klik hjirûnder foar de toolkit.

toolkit-downloaden-blauw-3

tekst ‘Seis oere thús’

Kom dyn nêst út jonge
It nêst waarm fan ferline
Skuor iepen de gerdinen
Spring derút de dei is nij
Hearst de klokken
De takomst ropt om dy

Mei juster achterop
Hast altyd tsjin ’e wyn yn
Doar dysels opnij te finen
Flean dyn eigen skaad foarby
En fluitsje
Fluitsje dy wer nij

En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge
Seis oere thús

De fearten fol mei âlde kij
Dy’t oeral wat fan fine
Lit de sinne foar dy skine
Hear de fûgels, do bist frij
Fiel de grûn fiel dy bûn
Foar altyd ferbûn oan dy

En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge

Fertel my watsto net witst
En ik folgje en ik folgje
Ferjit fan wa’sto der ien bist
Want ik ken dy
Nim my mei yn dyn dreamen
Nei wêrsto noch net bist
Set dyn tosken yn in nije tiid
Set dyn tosken yn in nije tiid

Nynke Laverman

Onderstaand filmpje is een professioneel voorbeeld. Gebruik vooral je eigen creativiteit bij het maken van een eigen versie.

ik-doe-mee-iepening-2

Oanmelde foar de iepening fan LF2018 kin oant 23 desimber 2017.
Aanmelden voor de opening van LF2018 kan tot 23 december 2017.